Jonge oanriden yn De Pein

© ANP XTRA
In 15-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân is woansdeitemiddei op syn fyts oanriden troch in 40-jierrige automobilist. De jonge ried op de Suderleijen yn De Pein, mar fytse nei alle gedachten oan de ferkearde kant fan de dyk. Doe't de automobilist him rjochts ynhelje soe, waard de jonge oanriden. Hy is mei ferwûnings oan syn skonk oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.