Oanspielde tv's blike grapke

Guus van Dieren, eigener fan Strânpaviljoen De Branding op Skylge, soarge woansdei foar hiel wat drokte op it strân by Midslân oan See. Op it strân soenen televyzjes oanspield wêze. Op de webcam fan it strânpaviljoen wienen televyzjedoazen te sjen. Strânjutters fleagen nei it plak dêr't se de doazen seagen. It blykte om in grap te gean fan Van Dieren.
In pear jier lyn, doe't der hout oanspielde, koe Van Dieren net jutte om't er dwaande wie mei syn paviljoen. Strânjutters stutsen him doe de gek oan. Mei de grap hat er de jutters werompakt.