Amper animo pealrotregeling

22 okt 2014 - 22:02

De provinsjale temjittekomming foar hûseigeners dy't te krijen hawwe mei pealrot, wurdt amper brûkt. Oant no ta hat ien persoan jild krigen út de pot mei 11 miljoen euro. Pealrot ûntstiet as it grûnwetterpeil sakket. Benammen yn de omkriten fan Ychtenbrêge is dat it gefal. Hoewol't de provinsje dêr net skeaplichtich foar is, hat dy dochs in subsydzje yn it libben roppen.

Wêrom't der sa'n bytsje gebrûk fan makke wurdt, is net bekend. De provinsje hopet dit mei in enkête út te finen. De resultaten moatte ein novimber bekend wêze.

Trefwurden: 
provinsje subsydzje pealrot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)