Flats Drachten oplevere

Yn Drachten binne oan it Raadhuisplein woansdeitemiddei 30 apparteminten oplevere. Dizze oplevering foarmet de ein fan de earste faze fan nijbou fan flats. Wenningboukorporaasje Accolade hat noch 25 flats oan it Raadhuisplein yn oanbou. Foar Accolade is ferbining in belangryk biedwurd by de bou fan de nije flats. Ferbining fan de bewenners ûnderling mar ek ferbining tusken de besteande flats en de nije wennings. De offisjele oplevering waard dien troch Accolade direkteur Jerica Hartholt en wethâlder Ron van der Leck.