Trije ton foar stúdzje Frysk

22 okt 2014 - 16:43

De stúdzje minderheden en meartaligens, dêr't de stúdzje Frysk ek ûnder falt, fan de Ryksuniversiteit yn Grins krijt trije ton subsydzje fan de provinsje Fryslân. De finansjele stipe is yn it ramt fan de University Campus Fryslân. Ek it Ryk betellet mei.

De bedoeling is dat de subsydzje ferdield wurdt oer de kommende fiif jier. Dêrnei moat de RUG de stúdzje sels finansiere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)