Mollema bliid mei Tourparkoers

22 okt 2014 - 16:34

Hurdfytser Bauke Mollema is tefreden oer it parkoers fan de Tour de France yn 2015. De Tour giet takom jier fan start yn Utert en einiget tradisjoneel yn Parys. It parkoers is woansdei presintearre. Mollema rydt takom seizoen foar syn nije ploech, it Amerikaanske Trek Factory Racing. De Ljouwerter sil de kopman wêze yn de Tour de France. "Ik tink dat it in hiel moai parkoers is. De earste wike sil wichtich wêze troch de bonifikaasjesekonden, mar yn de lêste wike sil de beslissing falle. Dan wurdt der trije kear berchop finishe", sei Mollema.

De start is foar it earst sûnt fiif jier wer yn Nederlân. Dat makket it noch bysûnderder foar Mollema. "It sil in unike erfaring wêze. Al it Nederlânske publyk oan de kant. Dat makket it ekstra spesjaal."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)