Skylge krijt oplaadplakken

22 okt 2014 - 15:57

Skylge krijt lang om let elektryske laadpeallen. Al sûnt in pear moannen binne der elektryske auto's beskikber op it Waadeilân, mar oant no ta wienen der noch gjin offisjele oplaadplakken. Moandei wurde de earste peallen oansletten by de Willem Barentszkade.

De gemeente Skylge docht mei oan in projekt dêr't 100 elektryske auto's op it eilân ynset wurde om sa duorsum mooglik te wurden. De auto's binne sawol troch bewenners as toeristen te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)