Lêze mei biblioteek op skoalle

Om bern yn Makkingea oan it lêzen te krijen, is op basisskoale De Stelling begûn mei it projekt 'Bibliotheek op School'. Yn it trijejierrige projekt wurket de skoalle yntinsyf gear mei de biblioteek. Nije boeken wurde yn it projekt promoate troch in meiwurker fan de byb en ek digitale media spilet in rol. Sa moat der in ideale lêsomjouwing ûntstean. De Stelling is de earste basisskoale yn de Stellingwerven dy't mei dit projekt begjint. Yn Fryslân binne sa'n 20 skoallen mei it predikaat 'Bibliotheek op school.'