Sonken skip yn Harns optakele

It skip dat troch de stoarm en it hege wetter woansdeitemoarn sonk yn de haven fan Harns is wer boppe wetter helle. Dat is dien mei help fan in takel. Om foar te kommen dat der oalje yn de haven fan Harns kaam, wie der in skerm om it skip hinne pleatst. Hoe't it skip der oan ta is, is noch net dúdlik.
Op de Noardee is it slagge om de bak mei 15.000 ton stien wer fêst te meitsjen achter in sleepboat. De bak wie tiisdeitejûn yn de stoarm losslein.