Auto yn wetter yn Balk

Auto yn wetter yn Balk © Brânwacht Balk
Oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk is woansdei om it middeisoere hinne in auto yn it wetter fan de Luts rekke. Yn earste ynstânsje waard in traumahelikopter oproppen foar de helpferliening, mar omdat de bestjoerder der al gau út wie, is dy helikopter wer ôfsein. Wat de oarsaak fan it ûngelok is en hoe't it krekt mei de bestjoerder giet, is noch net bekend.