Mannen mei ferbean wapenbesit

22 okt 2014 - 09:39

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitenacht twa manlju oanhâlden foar wapenbesit. De plysje seach it duo mei jerrycans dwaande by in pompstasjon oan de Grinzerstrjitwei en gie derop ôf. Yn de auto lei in luchtdrukgewear en fierder trof de plysje brekark oan, folde jerrycans en in tankpas op namme fan in oar. De mannen, in 35-jierrige Ljouwerter en in man fan 31 jier út Dongeradiel, binne oanhâlden. De auto is yn beslach naam foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje wapen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)