Harns: heechste punt berikt

Yn Harns hat it wetter woansdeitemoarn krekt nei achten it heechste punt berikt. It wetter kaam op in hichte fan 3.22 meter boppe NAP. It streamde dêrmei oer de kaaien hinne. Yn de havens kamen strjitten splis te stean, in tal auto's waard ynsletten troch it wetter. Ek op de Waadeilannen binne parten der ûnderstrûpt.
Op Flylân en Skylge giet it dan om de havenpleinen. By Holwert is it heechste punt noch net berikt, dochs stiet dêr de feardaam al foar in part ûnder wetter.
De fiskôfslach yn Lauwerseach stie woansdeitemoarn ûnder wetter fanwege de stoarm en it hege wetter. Yn de rin fan de moarn sakke it wetterpeil en kaam de hal fansels wer droech te stean. Meiwurkers hawwe de hal mei ûnder oare de sortearmasines, dêrnei skjinmakke.
De ôfslach hie der al rekken mei hâlden dat de hal fanwege de stoarm ûnder wetter komme soe. Der is woansdei ek gjin oanfier om't de fiskersskippen fanwege de stoarm net útfearn binne.