Feardaam Holwert sletten

Yn Holwert hat Rykswettersteat woansdeitemoarn de feardaam ôfsletten. Dat is út foarsoarch dien, de daam komt mooglik ûnder wetter te stean. It seewetter hellet by Holwert in hichte fan sa'n 2.85 meter. It hichtepunt fan de stoarm wie dêr al om tolve oere nachts. It waaide doe in wynkracht njoggen oant tsien, moarns betiid wie dat wynkrêft sân oant acht. Wol moat it hichtepunt kwa wetter noch komme.
Rederij Wagenborg fart de earste oeren net fan It Amelân nei Holwert en werom, ek de ôffearten tusken Skier en Lauwerseach ferfalle earst.