Kûpuere Flylân ticht

Rykswettersteat hat om healwei sânen de kûpuere yn de Doarpsstrjitte sletten. Dat is dien om foar te kommen dat der seewetter it doarp yn streamd. Ek binne op it Havenplein, dat oan de Waadsee leit, maatregels naam. Sa is in tal tunen ôfsletten mei sketten en sânsekken en dat jildt ek foar de terminal fan rederij Doeksen. Doeksen makke tiisdei al bekend dat woansdeitemoarn de fearboaten fan en nei Flylân en Skylge net farre.
Ek op Skylge binne maatregels naam om wetteroerlêst foar te kommen. Dêr stie om sân oere, twa oeren foar heechwetter, it Havenplein al ûnder wetter. Tiisdei wie al warskôge om auto's net op it plein te parkearen. Net elkenien hat him dêr oan hâlden.