Net folle meldings stoarmskea

Der hawwe yn de nacht fan tiisdei nei woansdei net in soad meldings fan stoarmskea west. De brânwacht hat foar safier bekend tusken 23.00 en 06.00 oere seis kear yn aksje west. Dat wie yn Easterwâlde, Poppenwier, Rûgehuzen, Tytsjerk, Drachten en Ljouwert. Yn dat lêste plak rekke in auto skansearre troch in omwaaide beam. Yn Drachten foel in ôfwaaide tûke op in hûs.
Ek op see liket de stoarm net foar in soad problemen te soargjen. Wol rekke yn de buert fan Den Helder in sleepboat syn lading kwyt. It giet om in bak mei 15.000 ton stien.
De bak drige tsjin in tal boarplatfoarms te farren, mar dat gefaar is yntusken foarby. Yn de rin fan de moarn sil besocht wurde de sleepferbining mei de bak te werstellen.