'Waadseedyk foar toeristen'

21 okt 2014 - 22:29

De Waadseedyk kin yn de takomst tûzenen toeristen lûke. En dermei soe it noarden fan Fryslân in flinke ekonomyske opstekker krije kinne. Dat tinkt it European Tourism Futures Institute fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Derfoar soene de seediken wol opkreaze wurde moatte. Bygelyks troch de pleatsing fan keunst of de oanlis fan nije stikjes natoer.

Dertroch soe it foar minsken folle nijsgjirriger wurde om nei de seedyk te kommen, sa tinke de ûndersikers.

In pilotprojekt soe neffens harren opsetten wurde moatte by Holwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)