Skiedsrjochter wurdt populêr

21 okt 2014 - 22:19

Hieltyd mear jongeren yn Fryslân wolle skiedsrjochter wurde. Neffens Adriaan Inia út Gytsjerk, dy't sels jierenlang assistint-skiedsrjochter west hat yn it betelle fuotbal, komt dat troch it sukses fan 'Team Kuipers'.

Skiedsrjochter Björn Kuipers en syn assistinten Sander van Roekel en Erwin Zeinstra fan Dronryp wiene dit jier aktyf op it WK yn Brazilië en yn de Champions League finale tusken Real Madrid en Atletico Madrid.

De KNVB hat bekend makke dat de ôfrûne jieren it oantal oanmeldingen fan persoanen tusken de 15 en 20 jier trije kear sa grut wurden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)