Twa fertochten ynbraak Prakken

© Opsporing Verzocht
De plysje is op syk nei twa manlju dy't ynbrutsen ha by it bedriuw Prakken Edelmetaal yn Aldeholtpea. Dat gebeurde yn de nacht fan 30 april op 1 maaie. Fideobylden fan de ynbraak wiene tiisdeitejûn te sjen yn it TV programma Opsporing Verzocht. De ynbrekkers kamen it gebou binnen troch in rút iepen te brekken.
Se namen in sulveren staaf fan 36,6 kilo mei. Dy hat in wearde fan tweintichtûzen euro. Ek namen se in klûs mei. Dy is letter, tegearre mei stellen kentekenplaten, weromfûn yn Tjalbert.
De fertochten binne beide atletysk boud, de ien is grut en de oar lyts. Ien lûkt wat mei in skonk en se komme nei alle gedachten út de omjouwing. De auto ried nei de ynbraak fuort yn de rjochting fan de sneldyk Wolvegea-Hearrenfean.