Smookferbod foar alle kafees

© Omrop Fryslân
Der mei net mear smookt wurde yn kafees. Ek net yn lytse kafees sûnder personiel. Dat hat steatssekretaris Van Rijn bepaald. Hy docht dat nei oanlieding fan in útspraak fan de Hege Ried fan twa wiken lyn. De ried bepaalde dat it ûnrjochtmjittich is om in útsûndering te meitsjen foar lytse kafees.
Van Rijn wie al dwaande mei in folslein smookferbod dat op 1 jannewaris yngean moast. Dat wurdt dus no nei foaren helle. As kafees it smoken wol tastean, krije se oant 2015 de earste kear in warskôging. Dêrnei folget in boete fan 600 euro.
Foar Corné van de Erve fan Hoarekabûn Fryslân komt it smookferbod net as in ferrassing. "Het hoogste rechtsorgaan heeft gesproken, dus het enige wat ons rest is om het nu ook daadwerkelijk uit te voeren." Yn hoefolle Fryske hoarekagelegenheden der noch smookt wurdt is neffens Van de Erve net bekend.