NDC komt mei pensjoenfoarstel

21 okt 2014 - 20:13

De direksje fan NDC Mediagroep, eigener fan de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad, hat tiisdeitemiddei in goed oerlis hân mei de OR oer de pensjoenregeling. Dat seit Annabel de Winter fan sjoernalistyk fakbûn NVJ, dy't by it oerlis oanwêzich wie.

NDC Mediagroep sei begjin dit jier de pensjoenregeling by Nationale Nederlanden op, mar de OR wol dat dit weromdraaid wurdt. De direksje hat tasein om tiisdeitejûn noch mei in foarstel oan de OR te kommen dat foldocht oan de CAO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)