'Nachtwurk N361 net fertroud'

De stoarm soarget ek foar problemen by it wurk oan de dyk. Sa moat de provinsje it nachtwurk oan de N361 by Oentsjerk útstelle. Oarspronklik soe der yn de nacht fan tiisdei op woansdei begûn wurde mei it wurk, mar dat is no ferpleatst nei de nacht fan woansdei op tongersdei.
Troch it stoarmwaar is it neffens de provinsje net ferantwurde om oan it wurk te gean by de krúspunten yn Oentsjerk. Oerdeis wurdt der wol gewoan trochwurke.
De provinsje sil trije nachten mei de dyk oan de gong. Dat betsjut dat tusken 20.00 oere jûns en 06.00 oere moarns de dyk ôfsletten is foar it ferkear. Automobilisten wurde omlaat fia Feanwâlden en Quatrebras.