Soarch oer mjitting gaswinning

21 okt 2014 - 18:56

It wurdt hieltyd dreger om de effekten fan de gas- en sâltwinning yn de Waadsee yn de takomst te mjitten. Dy soarch sprekt de kommisje MER út yn in brief oan de Twadde Keamer. Yn de nije omjouwingswet binne bedriuwen net mear ferplichte om te kontrolearjen oft de gefolgen foar de natuer net te yngripend binne.

It kabinet stiet gas- en sâltwinning ta, mei de belofte dat it stopset wurdt as bygelyks de boaiem te bot fersakket. As de evaluaasje ferfalt, kin net mear bepaald wurde wannear't de kraan tichtdraaid wurde moat, seit de kommisje.

Dizze kommisje MER docht no noch ûndersyk nei de effekten fan de gas- en sâltwinning yn de Waadsee.

Trefwurden: 
sâltwinning gaswinning MER
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)