Manlju fêst foar oplichting

21 okt 2014 - 17:23

De plysje hat moandeitemiddei fjouwer manlju út Amsterdam oanhâlden yn Aldeholtpea. De mannen woene by in Edelmetaalbedriuw yn it doarp foar tsientûzenen euro's oan goud meinimme. Mar it jild dêr't se mei betelje woene, hiene se byelkoar sammele troch oplichting.

De fjouwer manlju binne oanhâlden en ynsletten. De plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
oplichting goud Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)