Boek oer grêven yn Kollumerlân

De bysûndere grêfmonuminten op de gemeentlike tsjerkhôven fan Kollum, Boerum en Muntsjesyl binne beskreaun yn it boek 'Bijzondere grafmonumenten van Kollumerland'. In spesjale kommisje hat de hôven ûndersocht en it boek gearstald. It giet om saken as foarmjouwing, symbolyk en stien.
Ek binne ferskate ferhalen fan Kollumers opskreaun. Bygelyks oer minsken mei bynammen en twa broers dy't yn de oarloch oppakt waarden troch de Dútsers en yn in kamp ferstoaren. It ûndersyk hat trije jier duorre en is beheind ta grêven fan foar 1970.
It boek wurdt op 27 oktober oerlange oan wethâlder Jelle Boerema.