TBS-ûndersyk Sietske H.

27 feb 2012 - 15:32

Sietske H. út Nij Beets dy't feroardiele is foar it ombringen fan har fjouwer poppen wurdt begjin maart ûndersocht yn in tbs-klinyk. It giet om de Oldenkotte-klinyk yn Rekken. It ûndersyk duorret sân dagen en it wurdt útfierd troch trije gedrachssaakkundigen. Dy moatte uterlik trije moanne letter mei in einrapport komme.

Sietske H. is feroardiele ta tolve jier selstraf, mar se gie yn heger berop. It ûndersyk yn de klinyk makket diel út fan de behanneling fan dat heger berop. It wurdt dien op fersyk fan it gerjochtshôf.

Sietske H. woe earst gjin ûndersyk yn it Pieter Baansintrum, mar se hat dochs ynstimd mei it fersyk om tbs-ûndersyk dwaan te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)