Wetterskip: alles yn 'e macht

21 okt 2014 - 12:15

Neffens dykgraaf Paul van Erkelens hat Wetterskip Fryslân de stoarm dy't ús lân oandocht goed ûnder kontrôle. De stoarm sil nei alle gedachten minder heftich wurde as earder foarsein waard. It wetterskip hat al in oantal previntive maatregels nommen. Sa binne de slûzen by Goaiïngaryp en Broek sletten en streame de slûzen by Dokkumer Nije Silen en Sâltkamp wetter ôf om de wetterstân te ferleegjen.

De ferwachting is dat it wetter by Harns woansdei om 9.30 oere it heechste punt berikke sil, fan 3.10 meter hichte.

Woansdeitemoarn om 6.00 oere sil in aksjesintrum fan Wetterskip Fryslân besjen oft der noch ekstra maatregels komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)