Holland House op It Fean

Yn it sintrum fan It Hearrenfean komt yn maart in spesjaal Heerenveen Holland House te stean. De Feanster ûndernimmersferiening wol sa it publyk fan it wrâldkampioenskip ôfstannen reedriden nei it sintrum helje. Faak is it sa dat leafhawwers fan it reedriden allinnich mar nei it Thialf stadion komme en dêrnei fuortendaliks nei hûs ta gean.
Yn it Heerenveen Holland House is ûnder oare op 22 maart de ploegepresintaasje. Fierders sil alle jûnen mei bekende reedriders neipraat wurde oer de wedstriden.