Fallisemint foar drukker Flach

21 okt 2014 - 11:22

Drukkerij Flach fan It Hearrenfean is tiisdeitemiddei troch de Ljouwerter rjochtbank fallyt ferklearre. By Flach wurken fjirtich meiwurkers dy't ferpakkingsmateriaal ûntwikkelen en produsearren. It bedriuw rekke yn de finansjele problemen troch de krisis yn de grafyske sektor en it feit dat de bank gjin kredyt mear ferstrekke woe.

Direkteur Harry Zweer sei tiisdei dat er al mei twa partijen yn oerlis is oer in mooglike oername.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)