It Toanhûs hâldt lawaaiprotest

21 okt 2014 - 10:39

Dosinten en learlingen fan kultureel sintrum It Toanhûs op De Jouwer hawwe tiisdeitemoarn mei in protte lawaai in optocht troch it doarp holden. Se dienen dit om te protestearjen tsjin de besunigings fan de gemeente De Fryske Marren. Dy wol 250-tûzen euro besparje op it kultureel ûnderwiis.

It Toanhûs is it hjir net mei iens. Neffens de organisaasje soenen lessen oan bern dy't it finansjeel minder hawwe, hjir ûnder leie. Direkteur Jelle Posthumus snapt dat der besunige wurde moat, mar it plan foar 250-tûzen euro fynt er fierstente folle.

Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren bliuwt foarearst achter de besunigings op kultureel sintrum It Toanhûs stean. Wol sil er de petysje fan de dosinten en learlingen trochjaan oan de politike partijen yn syn gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)