Stoarm makket bosk ûnfeilich

21 okt 2014 - 10:03

Steatsboskbehear warskôget minsken om mei de hurde wyn net de bosk yn te gean. De beammen sitte noch fol mei blêd en fange sa in soad wyn. Ferline jier waaiden beammen as iken massaal om. Steatsboskbehear hâldt syn hert fêst mei de stoarm dy't no foarsein is en ferwachtet dat der wer in soad skea ûntstean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)