Hichtepunt stoarm woansdei

Waarman Piet Paulusma warskôget dat der woansdeitemoarn op it Waad rekken hâlden wurde moat mei oerlêst troch de stoarm. It wetter wurdt dan by de kust opstood troch in kombinaasje fan noardwesterstoarm en heech wetter. Neffens Paulusma hat Fryslân fan tiisdeitemiddei ôf al te krijen mei stoarm en hurde wyn. Boppedat is der dan kâns op swiere buien mei wynstjitten, hagel en tonger.
Rykswettersteat en Wetterskip Fryslân beslute tiisdei wat foar maatregels der naam wurde. Wol is al in tal slûzen sletten en wurdt der ekstra wetter fuortpompt.
Rykswettersteat hâldt der rekken mei dat de kûpuere by Flylân ticht moat, om foar te kommen dat der wetter it doarp yn rint. De parkearplakken by de havens op de Waadeilannen wurde ekstra yn 'e gaten hâlden en de pier fan Holwert giet ticht. Auto's dy't dêr parkeard steane, wurde fuortsleept.
Tiisdei wurdt ek dúdlik oft der feartsjinsten nei de Waadeilannen ferfalle moatte. Rederij Doeksen liet moandei de lette sneltsjinsten nei Flylân al net farre.