Ried: kontrôles brânfeiligens

De gemeenteried fan Ljouwert is moandei akkoart gien mei strangere kontrôles op de brânfeiligens yn de binnenstêd fan Ljouwert. De kommende tiid wurdt in tsiental stekproeven dien by húseigeners, om te sjen hoe't it mei de brânfeiligens sit. Ek komme der ynformaasjegearkomsten oer brânfeiligens.
Oanlieding foar it strangere tafersjoch is de grutte brân ferline jier op De Kelders. Dêrby kaam in studint om it libben. Ut in rapport fan de ynspeksje feiligens en justysje blykt dat in diel fan de gebouwen dy't útbaarnden net brânfeilich wie.
De measte partijen binne bliid mei de nije oanpak, mar fine tsien stekproeven oan de meagere kant. Neffens VVD-fraksjefoarsitter Serge Hollander is it in begjin. De PvdA wol dat boargemaster Crone him derfoar ynset om in lanlik karmerk te krijen foar wenningen dy't foldogge oan de brânfeiligheidseasken.