De Zwette krijt glêsfezel

20 okt 2014 - 21:10

Ienentweintich bedriuwen op yndustryterrein De Zwette yn Ljouwert wurde ynkoarten oansluten op in nij glêsfezelnetwurk. Dat meldt DataDiensten Fryslân. De 21 bedriuwen hawwe mei har allen in oanfraach foar oansluting op glêsfezel yntsjinne. Mei it rappere netwurk kinne se de konkurrinsje better oan, is de ferwachting.

Stichting Beheer Stadsring Leeuwarden is al úteinset mei de oanlis fan it netwurk. Nei alle gedachten sil it projekt begjin takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)