Nije heupoperaasje yn MCL

20 okt 2014 - 19:59

Sikehûs MCL yn Ljouwert biedt in nije behanneling oan minsken mei heupklachten. It giet om in saneamde artroskopy. Dat is in soart fan sjochoperaasje yn de heup, fergelykber mei in meniskusoperaasje.

Foaral minsken tusken de 30 en 50 jier dy't in ûngemak of in sportblessuere hân hawwe, kinne der harren foardiel mei dwaan. It giet dan om klachten lykas in heup dy't 'op slot sit'. De operaasje is foar pasjinten folle minder yngripend. Der komme mar twa lytse sneedsjes yn de heup. De pasjint kin meastentiids de oare deis alwer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)