Oerlis oer nije Lemster rûnwei

20 okt 2014 - 19:50

As de gemeenteried fan De Fryske Marren kiest foar it opwurdearjen fan de besteande N359 troch De Lemmer, sil dat op termyn miljoenen euro's kostje. Dat seit de wurkgroep Lemmer Alert. De wurkgroep pleitet al langer foar in nije rûnwei oan de noardkant fan it plak. Neffens de provinsje is dy opsje net reëel om't de nije dyk goed 120 miljoen euro kostje moat. De wurkgroep tinkt dat it foar goed 80 miljoen ek wol kin.

Achter sletten doarren hie de wurkgroep moandeitejûn in petear mei de gemeenteried om se fan de plannen te oertsjûgjen.

Foar de ein fan it jier moat de polityk in beslút nimme oer hokker trasee it wurdt. It plan fan de gemeente is in opwurdearring fan de besteande N359, dy't foar in part troch it doarp rint. De plannen foar in opwurdearring fan de rûnwei binne nedich om't der in soad drokte op dizze dyk is.

Dy drokte sit de leefberens fan De Lemmer yn it paad en it ferbetterjen fan de besteande dyk smyt wat dat oanbelanget net genôch op, fynt wurkgroep Lemmer Alert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)