B'poarte moat briedplak bliuwe

20 okt 2014 - 18:40

De Blokhúspoarte moat syn funksje as briedplak foar kreative ideeën behâlde. Dat is it wichtichste boadskip dat hierders fan it finzeniskompleks jouwe op de ynsprekjûn fan de gemeente Ljouwert.

It plan om de Ljouwerter bibleteek yn it gebou ûnder te bringen, wurdt posityf ûntfongen by de hierders. Op it plan foar in jongereinhotel wurdt lykwols kritysk reagearre. Konserten moatte bygelyks net ûnder druk komme troch sa'n hotel, fine de brûkers. Moandeitejûn wurdt yn it Polityk Poadium praat oer de plannen foar de Blokhúspoarte.

Yn it Polityk Poadium kin elkenien oer de plannen meiprate. Dêrnei sille de riedsleden dêroer debattearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)