Nij keunstgersfjild ONT klear

20 okt 2014 - 17:39

By fuotbalklup ONT yn De Pein leit sûnt ferline wike in nij keustgersfjild. Se binne wiken dwaande west op it terrein fan de feriening om it fjild klear te krijen. It keunstgersfjild kostet ONT sawat 75.000 euro.

Neffens ONT-foarsitter Jeen Visser is it jildpotsje no op. Fia de Klaas Jan Huntelaar Foundation hopet de Peiner fuotbalferiening 18.000 euro op te heljen om sadwaande ek in ljochtynstallaasje en ekstra pupilledoeltsjes te keapjen foar it nije fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)