Nij ûnderkommen yn haven Heech

20 okt 2014 - 16:32

De Stichting Friese Tjottervloot en de wettersportferiening Heech kinne in nij ûnderkommen op it terrein fan de passantehaven fan Heech bouwe. Dat stiet al jierren op it ferlanglistje fan beide klups, mar no is it sa fier. De gemeente stelt de 95.000 euro beskikber, dy't al troch de eardere gemeente Wymbritseradiel tasein wie.

It giet om trije ynstekhavens foar de tjotters, in wurkplak en in opslach- en klupgebou oan de Hegemermar. De totale kosten wurde rûsd op 820.000 euro.

Der is noch in tekoart fan 40.000 euro, mar de ferwachting is dat it jild der wol komt. De skeppe giet begjin desimber de grûn yn en it doel is dat it nije ûnderkommen foar de simmer klear wêze moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)