Piet: Swier waar kommendeweis

© Omrop Fryslân
Tiisdei bringt eks-orkaan Gonzalo stoarmwaar mei in soad rein en letter stoarmbuien. Dat meldt waarman Piet Paulusma. De depresje mei de resten fan Gonzalo meitsje de kommende dagen it waar út. Paulusma warskôget foar in swiere moarns- en jûnsspits. Moarns sil it bot reine en middeis folgje út it westen en noardwesten stoarmbuien mei kâns op swiere wynstjitten, krêft 10. Ek kin yn de buien hagel en tonger foarkomme.
Oan de kust en yn it Waadgebiet stiet in westerstoarm, krêft 9. Yn de jûn en nacht hâldt de wyn oan en ek de buien.
Foar woansdei wurdt ek rûch waar ferwachte mei buien en in hurde oant stoarmige wyn. Yn de nacht nei woansdei en woansdeitemoarn komt der in soad wetter op de kust te stean.