Fryske twastriid goed besjoen

Morten Thorsby yn aksje tsjin Mohamed El Makrini en Marlon Pereira © awfoto.nl
De Fryske twastriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur is snein troch in soad minsken folge. Leafst 209.000 minsken seagen om healwei ienen nei de wedstriid tusken de twa Fryske klups op Fox Sports. Dit wie 12 persint fan alle televyzjesjoggers dy't om dy tiid televyzje seagen.
Der wiene ek in soad sjoggers op de liveblog fan Omrop Fryslân oer de spektakulêre twastriid. Goed 28.000 minsken ha de blog folge.