Gabriël Anthonio nei VNN

It nije gebou van VNN yn Ljouwert
Gabriël Anthonio fan Jeugdhulp Fryslân wurdt foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Hy folget dêr mei yngong fan 1 novimber Rob Jaspers op, dy't by GGNet oan de slach giet. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (VVN) is bliid mei Anthonio om't er in soad erfaring yn de jeugdhelp hat en oer grinzen hinne sjen kin.