FNP:finansiering Omrop regelje
De Steatefraksje fan de FNP wol dat de finansiering fan Omrop Fryslân no einlings ris struktureel goed regele wurdt. De fraksje sil dêrom yn de Steaten fan 22 oktober fragen stelle oer de takomstige finansiering fan de Omrop.
Oanlieding is de nijste mediabrief fan steatssekretaris Sander Dekker oan de Twadde Keamer. Dêr stiet neffens de fraksje neat konkreets yn oer de bysûndere posysje fan de Omrop as iennichste publike stjoerder yn de Fryske taal. Dat moat neffens de FNP al.
De FNP wol fan deputearre Jannewietske de Vries witte watfoar stappen oft sy ûndernimme sil om de bysûndere posysje fan it Frysk yn de mediawet opnimme te litten. De partij wol dêrmei feilich stelle dat de Omrop ek yn de takomst in folslein Fryske programmearring meitsje kin.