Soad animo foar 'Spare Space'

By startende ûndernimmers yn Noardwest-Fryslân is in soad animo foar it konsept 'Spare Space'. De stifting yn Harns hiert seis moannen lang foar in bytsje jild in leechsteand gebou, en ûnderhâldt it. De romte wurdt brûkt foar startende ûndernimmers en wurkleazen. As it gebou binnen dy seis moannen ferhierd of ferkocht wurdt, binne de starters der binnen twa wiken út.
By lege kantoargebouwen binne de hieren faak te heech foar startende ûndernimmers. Yn Harns is no al it twadde Spare Space gebou iepene en der komme der noch mear yn de regio.