Spoar Ljouwert-Grins frijjûn

20 okt 2014 - 11:55

De treinen tusken Ljouwert en Grins ride sûnt moandeitemoarn wer. It spoar is sneintejûn let frijjûn. It spoar lei der sûnt ferline wike woansdei foar in part út om't der by Feanwâlden in tunnelbak komme moast. Dy ûndertrochgong by it spoar is op it plak dêr't de Sintrale As ûnder it spoar Ljouwert-Grins trochgiet.

Sa'n 1.000 belangstellenden ha it wurk fia in spesjaal oanlein spottersplak folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)