Fraudesaak foar rjochter

20 okt 2014 - 11:05

Foar de rjochtbank yn Ljouwert moatte dizze wike trije minsken út De Lemmer en ien út Noard-Hollân foarkomme. Se wurde fertocht fan grutskalige fraude mei ûnreplik guod en it wytwaskjen fan jild. It giet om miljoenen.

Justysje is sûnt 2012 dwaande mei dizze saak, twa fan de fertochten binne doe oppakt troch de plysje. It giet om in heit en soan, de frou fan de soan en in sakepartner. De noardlike fraudekeamer hat de hiele wike útlutsen foar de behanneling fan dizze saak.

Neffens de offisier fan justysje ha de fertochten ferskate banken by de poat hân. Om sa oan jild te kommen foar de bou en oankeap fan gebouwen yn ûnder oaren Snits en De Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)