Tsjûgen socht fermiste frou

20 okt 2014 - 10:43

De 54-jierrige Jansje Takens út Assen wurdt sûnt 14 oktober fermist. Se is doe moarns yn har grize Ford Focus station mei kenteken 65-LJR-7 stapt en dêrnei net wer sjoen. De frou hat diabetes, mar hat har ynsuline net meinaam. Neffens de famylje kin de frou oeral yn it Noarden wêze. De plysje freget tsjûgen út te sjen nei de frou. Se hat in gewoan figuer, koart ljocht hier en hie in swarte Adidas trainingsbroek oan, in swarte nachtjapon en reade slippers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)