Wiuwerters keare auto's op

Wiuwert hat skjin syn nocht fan automobilisten dy't har net hâlde oan de ferkearsregels. Se skowe brutaal ôfsettingen oan de kant of ride deromhinne it fytspaad op. De trochgeande dyk Winsum - Dearsum wurdt opknapt. Auto's moatte omride oer de doarpen, om bygelyks fan Frjentsjer nei Snits te riden. Se sjogge net goed nei de buorden, rinne fêst by Wiuwert en besykje dan oer in fytspaad fierder te gean. Doarpsbewenners pikke dat net langer en keare de automobilisten op en stjoere se werom.
De dyk kin net mei swiere betonblokken ôfset wurde, om't helptsjinsten der oars net del kinne. De dyk is 2 novimber pas klear en sa lang binne de Wiuwerters fan doel om troch te gean mei de aksjes.