Gjin sneltsjinst nei Flylân

20 okt 2014 - 09:43
Sneltsjinst Rederij Doeksen - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De sneltsjinst fan en nei Flylân ferfalt moandei en tiisdei yn ferbân mei it minne waar. Dat meldt rederij Doeksen. Der wurdt in ferfangende feartsjinst ynset. Dy fart om 17.00 oere fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân.

(advertinsje)
(advertinsje)