Brân bêd en brochje

In wenbuorkerij oan de Tronde yn Elslo hat troch in brân sneintenacht safolle reek- en wetterskea oprûn dat der foarearst net mear yn wenne wurde kin. Op it stuit dat de brân útbruts wie der ien bewenster thús. Sy wie op tiid bûten. Yn de buorkerij is bêd en brochje de Pauw festige. De brânwachten fan Easterwâlde en Aldeberkeap wisten it fjoer út te krijen. Dat is nei alle gedachten yn de badkeamer yn 'e ûnderein ûntstien.