Brandarisrace goed ferrûn

De Brandarisrace tusken Harns en Skylge is goed ferrûn, op ien swiere oanfarring nei. Dat makket de organisaasje bekend. Der rekke gjinien ferwûne, mar de klap wie wol sa hurd dat der skea wie oan de binnenbetimmering fan it skip.
Oan de race dogge tachtich skippen mei fan de brune float. De wedstriid is de grutste yn syn soart. By de grutte klippers wûn de Eensgezindheid, by de lytse de Nicolaas Mulerius, by de tsjalken de Voorwaarts en by de aken de Otter. Fan alle kotters, botters en seeskippen wie de Noorderlicht de rapste.